Strippekaart bliuwt foarearst

De strippekaart bliuwt foarearst yn Fryslân. Dat hat minster Schultz van Haegen woansdeitejûn besletten nei oerlis mei de provinsje Fryslân. Op 23 desimber soe de strippekaart ferdwine yn it iepenbier ferfier yn de provinsje.
Minsken soene dan allinnich noch gebrûk meitsje kinne fan de OV chipkaart. Mar dy plannen geane no net troch. Dit komt trochdat bussen út Drinte en Grinslân dy't ek yn Fryslân ride noch net klear binne.