Grutte stroomsteuring Ljouwert

01 des 2010 - 17:29

Woansdei tusken 17.00 en 18.00 oere wie yn Ljouwert in grutte stroomsteuring. Ut in grut part fan de stêd kamen de meldingen; Westeinde, Bilgaard en in part fan it sintrum hiene gjin stroom. Neffens Enexis wie in swiere stroomkabel fan it stasjon oan de Skinkeskâns útfallen.

Rûnom wiene stopljochten útfallen. Neffens de plysje wie it in grutte gaos yn de stêd. De tillefoansintrale fan Thússoarch It Friese Land wie ek ûnberikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)