Hospes wint op De Ulesprong

01 des 2010 - 16:47

Jesper Hospes fan It Hearrenfean hat de earste koartebaanwedstriid op de iisbaan fan De Ulesprong wûn. Hy fersloech yn de finale de Australiër Daniel Greig. Der stiene 26 riders oan de start en dat wie aardich mear as ferline jier, doe't der mar acht man op de startlist stiene.

It wiene swiere omstannichheden mei de hurde wyn en de temperatueren ûnder nul. Moarns lei der nochal wat wetter op it iis, mar de wedstriid koe úteinlik wol ferriden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)