Feartsjinsten yn problemen

De sneltsjinst fart net
Feartsjinsten hawwe problemen troch it lege wetter en de ekstreem hurde eastewyn. Sa hat de boat nei It Amelân fan healwei tolven net fearn. Wagenborg giet derfan út dat de boat fan healwei twaen wol wer gewoan farre sil.
Ek Rederij Doeksen past de ôffearten oan. De sneltsjinsten tusken Flylân, Skylge en Harns farre woansdei net. Der binne ferfangende boaten om kertier foar fiven middeis en sân oere jûns.