Ynbrekkers aktyf yn Fryslân

01 des 2010 - 10:12

By in ynbraak tiisdeitenacht yn in sûnenssintrum yn De Westereen is in soad fernield. De dieders hawwe út it pân oan de Badhúswei in laptop en in kofjesetapparaat meinaam. De krekte skea is noch net dúdlik.

Yn Ljouwert is tiisdeitejûn ynbrutsen yn in hûs oan de Emmakade. Dêr waard ek alles oer de kop helle. De dieders binne útnaaid mei twa laptops, in cd-spiler en in jildkistje mei ynhâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)