Famke ferwûne nei oanriding

01 des 2010 - 10:04

De plysje is op syk nei in autobestjoerder dy't tiisdeitemoarn yn Jistrum in 19-jierrich famke oanriden hat en dêrnei trochriden is. It famke rûn yn de berm fan de Ryksstrjitwei nei de bushalte, doe't se fan achteren oanriden waard. Se rekke ferwûne en moast nei it sikehûs.

De feroarsaker fan it ûngelok ried nei alle gedachten yn in reade auto. De plysje freget minsken dy't wat sjoen hawwe om har te melden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)