Boarnsterhim yn fjouweren

01 des 2010 - 08:29

De ried fan Boarnsterhim hat tiisdeitejûn besletten dat de gemeente ferdield wurdt oer fjouwer buorgemeenten: Ljouwert, Hearrenfean, Súdwest-Fryslân en Skarsterlân. Terherne giet nei Skarsterlân, de Lege Geaën nei Súdwest-Fryslân, Aldeboarn, Nes en Akkrum nei Hearrenfean en de doarpen boppe it Margrietkanaal fusearje mei Ljouwert.

Boargemaster Baas woe Boarnsterhim splitse yn twa dielen. No moat hy mei fjouwer gemeenten om de tafel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)