Nijbou Noorderhoek suniger

De gearwurkingsoerienkomst wurdt ûndertekene (foto: Simon Bleeker)
De wyk Noorderhoek yn Snits belibbet in Europeeske primeur. Yn 232 nijbouwenten fan wenningstichting De Wieren giet it ôffalwetter net nei it rioel mar nei in fergister.
Dat smyt gas op en der wurdt ek waarmte weromwûn. Yn de ynstallaasje giet net allinnich it spielwetter fan it húske mar ek it grienôffal. De reststoffen binne ek noch brûkber. Bewenners kinne sa besparje op de enerzjy- en wetterrekken.