Buertgasthear tsjin oerlêst

30 nov 2010 - 15:05

Spesjale buertgasthearen yn Ljouwert moatte de oerlêst by coffeeshops ferminderje. Boargemaster Ferd Crone ynstallearre tiisdei fjouwer nije meiwurkers. Se wurkje twa jier as proef, betelle troch ryk en gemeente.

De buertgasthearen sprekke jongeren op stjitte oan om gjin âldere jeugd te freegjen drugs foar harren te keapjen. Fierders hâlde se saken lykas hinderlik wachtsjen mei draaiende motor yn 'e gaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)