Kemping Aldehaske mei grutter

© Omrop Fryslân
Nei jierren fan striid liket it derop dat rekreaasje-ûndernimmer Speelman fan Aldehaske syn besteande kemping De Kievit by it Nannewiid útwreidzje kin. Tsjin syn oarspronlik plan foar trijehûndert nije plakken op 10 hektare grûn kaam in soad wjerstân. Doarpen yn 'e omkriten oppenearren harren. Nei seis jier karde de polityk de plannen ôf. It nije plan is der gau trochkaam. It waard moandei mei in hammerslach goedkard yn 'e riedskommisje.