Kennisnetwurk befolkingskrimp

30 nov 2010 - 12:35

In nij kennisnetwurk yn Noard-Nederlân moat kennis oer de befolkingsôfname tagonkliker meitsje. De trije noardlike provinsjes hawwe it foartou foar it sintrum naam. It netwurk is moandei yn Grinslân fan start gien.

De leechrin fan it plattelân stiet op de politike agenda en in soad ynstânsjes betinke dêr oplossings foar. Mar in sammelpunt wie der noch net en dat is wol nedich, seit Frank van Genne. Hy is lektor oan 'e Hanze Hegeskoalle yn Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)