Aed Levwerd groeit hurd

30 nov 2010 - 12:23

De Ljouwerter histoaryske feriening Aed Levwerd groeit bot. De klup is it ôfrûne jier mei hûndert leden tanaam nei 1700 leden. Wethâlder Isabelle Diks wie it 1700e lid. Se krige dêrom moandei yn de riedsgearkomste in oranjekoeke oanbean troch it bestjoer fan de feriening.

Aed Levwerd wurket in soad gear mei it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HCL). Op dat sintrum wol wethâlder Diks krekt wol 160.000 euro besunigje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)