Boufakkers krije sms oer kjeld

30 nov 2010 - 10:55

Wurknimmers yn de bou kinne mei in sms-berjocht te hearren krije wat de gefoelstemperatuer is. It fakbûn CNV biedt dy service oan. Neffens de CAO meie boufakkers thúsbliuwe as de gefoelstemperatuer min seis of leger is.

Sagau't it oanfielt as min trije of leger, stjoert it fakbûn minsken dy't har dêrfoar opjûn hawwe in sms oer de situaasje yn 'e eigen regio.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)