Ynbraak Ingwierrum oplost

30 nov 2010 - 10:00

De plysje hat troch in anonime tip de dieders fan in ynbraak yn Ingwierrum oppakt. Ut in hûs oan de Kampen waarden begjin novimber in tillevyzje, in laptop, fersterkers, in cd-spiler, in dvd-spiler en in digitale kamera stellen. De plysje koe mei de tip trije minsken oanhâlde. It giet om in man (30) en in frou (23) út Eanjum en in man fan 26 jier út Ie.

De 30-jierrige bekende dat er mei de oare twa ynbrutsen hie. Hy sit fêst, de oaren binne nei ferhear frijlitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)