Salarissen Cambuur betelle

30 nov 2010 - 09:45

SC Cambuur hat moandei de salarissen foar dizze moanne oermakke oan de spilers. Dat betsjut neffens direkteur Alex Pama dat de klup oan 'e ein fan desimber de tiid hat om de begrutting slutend te krijen. As der foar ein dit jier gjin oplossing leit foar de finansjele problemen, is de takomst fan de klup hiel ûnwis.

Cambuur is op dit stuit yn petear mei de gemeente en tal fan oare partijen om in tekoart fan goed oardel miljoen fuort te wurkjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)