Aksje tsjin ûntslaggen

30 nov 2010 - 08:03

150 oant 200 meiwurkers fan De Vries kezinen op De Gordyk hawwe tiisdeitemoarn aksje fierd by it bedriuw. Foardat se oan it wurk giene, protestearden se foar de poarte tsjin de driigjende ûntslaggen.

De Vries kezinen is dwaande mei in reorganisaasje. 130 fan de 260 meiwurkers krije dien. Neffens it fakbûn FNV set it bedriuw de meiwurkers ûnder druk en wurde de fakbûnen bûtenspul setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)