Gjin kultuersintrum op kampus

© Omrop Fryslân
It Friesland College en de gemeente Ljouwert hâlde op mei it konvenant foar de realisaasje fan in sport- en kultuersintrum op de kampus yn Ljouwert. De reden is de finansjele en organisatoaryske situaasje fan it Friesland College. Earder al hat de skoalle ôfsjoen fan it bouwen fan it 'kultuerdiel' fan it kompleks.
De sporthal is doe wol boud en yn 2009 yn gebrûk naam. Om't it konvenant no opsein is sil de sporthal allinnich troch it Friesland College brûkt wurde.