Feesttinte foar strjitlizzers

29 nov 2010 - 16:42

Op de Buorren yn Akkrum stiet sûnt moandeitemiddei in grutte feesttinte op de dyk. Yn de tinte fan 12 by 12 meter steane hiteluchtkanonnen dy't de froast út de grûn hâlde moatte.

Sa besiket de gemeente Boarnsterhim it wurk oan de dyk op tiid ôf te krijen foar de feestlike weriepening dy't de Akkrumer ûndernimmers pland ha. De strjitlizzers fan oannimmer Thomassen kinne yn de tinte trochgean mei fluorjen, ek al friest it.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)