Jeugd moat nei Fryske Krite

29 nov 2010 - 16:39

Toanielferiening De Fryske Krite op De Jouwer wol mear jongerein by it toaniel. Alle jierren organisearret de feriening in nijjiersrevu, dêr't altyd in soad minsken op ôfkomme. De groep dy't dêr oan meidocht, wurdt lykwols hieltyd âlder.

De Fryske Krite besiket dêrom no learlingen fan OSG Sevenwolden en it Bornego College waarm te meitsjen foar it toaniel troch workshops te jaan yn tekstskriuwen, muzyk en technyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)