Brêge Woudagemaal krijt foarm

29 nov 2010 - 12:56

It earste part fan de brêge by it nije besikerssintrum fan it Woudagemaal is moandeitemoarn mei súkses pleatst. It gefaarte fan 23 meter lang waard mei in kraan omheech takele om op de earste ferdjipping fêst makke te wurden oan it gebou.

De brêge moat de ferbining lizze tusken it nije besikerssintrum en de seedyk by it gemaal. It twadde part fan de brêge wurdt oer fjirtjin dagen pleatst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)