Oefening boppe Marnewaard

Yn ferbân mei de oefening Purple Windmill fan de Loftmacht sil der fan moandei oant en mei tongersdei flein wurde boppe it militêre oefenterrein de Marnewaard. Der wurdt flein tusken moarns njoggen oere en jûns alve oere. Militêren oefenje om fan de grûn ôf fia de radio oanwizings oan de piloaten te jaan oer doelen dy't oanfallen wurde moatte.
Tusken 13 en 16 desimber is it twadde part fan de oefening.