Mear jild Liet Ynternasjonaal

29 nov 2010 - 11:20

Om mear subsydzjes binnen te heljen hat it bestjoer fan Liet Ynternasjonaal ôfspraken makke mei oare regio's. Dan giet it ûnder oare om de Deenske Faeroër Eilannen en Asturië yn Spanje. It is it doel dat ek dy regio's songfestivals organisearje foar de minderheidstalen dêr.

Liet moat sa in festivalmerk troch hiel Europa hinne wurde. Dêrmei wurdt de kâns dat der jild fan bedriuwen en ek fan Europa komt grutter, seit Liet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)