Oerienstimming haven Reduzum

Doarpsbelang Reduzum hat yn prinsipe oerienstimming berikt oer it behear fan de nije haven yn it doarp op It Swinlân. De havenstichting kin de acht lisplakken yn behear krije. Se falle dan ûnder deselde betingsten fan ferhier dy't ek jilde foar de doarpshaven yn Reduzum.
De hier is aardich leger as wat de gemeente Boarnsterhim no berekkenet yn de nije haven. De havenstichting moat wol oantoane dat se de nije haven op dizze wize rendabel eksploitearje kin.