Sukses Sandra de Hoop NK judo

28 nov 2010 - 17:36

Sandra de Hoop fan De Westereen hat dit wykein sulver pakt op it NK judo. Yn de klasse oant 48 kilogram moast se yn de finale troch 'ippon' belies jaan tsjin regearend kampioene Birgit Ente. It wie it twadde Fryske sulver op it NK. Ek Jennifer Wichers wûn sulver yn de klasse oant 63 kilo.

De 24-jierrige De Hoop is dit jier foar it earst sûnt twa jier wer begûn mei wedstriden. De lêste beide jierren kaam se allinnich yn aksje op toernoaien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)