Moandei natoeriismaraton?

Hat Noardlaren de primeur? (foto: KNSB/schaatsen.nl)
IIsklup de Hondsrug út Noardlaren mikt derop om moandei de earste natoeriismaraton dit winterseizoen te hâlden. Neffens foarsitter Veldman ride der no al leden op de twa sentimeter dikke iisflier.
De eask fan it reedridersbûn is dat der minimaal trije sintimeter leit. Sadwaande ride jarretanken sneintejûn noch wetter út op 'e baan. Mocht de maraton moandei net útskreaun wurde, dan wurdt it tiisdei. Dat omdat de sniekâns yn de rin fan de wike tanimd.