Krekt gjin goud foar Leenstra

Sulver foar Marrit Leenstra (argyffoto: Sportfoto.nl)
Reedrydster Marrit Leenstra fan Wikel hat by de wrâldbekerwedstriden yn it Noarske Hamar sulver wûn op de 1500 meter. Topfavorite Christine Nesbitt wie krekt in bytsje rapper. It twadde plak is de bêste prestaasje oait fan de Wikelse yn de wrâldbeker.
Marrit sette in tiid del fan 1.58.03. Yn de lêste rit dûkte Nesbitt dêr trije hûndertste ûnder. Ingeborg Kroon fan Snits waard 12e. Margot Boer fan Grou foel ôf. Sy kaam net fierder as it 14e plak.