Stroetinga twadde yn Eindhoven

28 nov 2010 - 14:00
  • Winner Ingmar Berga (foto: KNSB/schaatsen.nl)

Maratonreedrider Arjan Stroetinga fan Waskemar is sneon twadde wurden yn Eindhoven. Winner waard Ingmar Berga fan Hoogeveen. De einstân waard bepaald troch in sprint, wêryn't Stroetinga Berga foargean litte moast. Tredde yn it iissportsintrum fan Eindhoven waard Cees Juffermans.

Yn de stân foar de KPN-cup, stiet Stroetinga nei de sechsde wedstriid op it fjirde plak, ien plak achter Jorrit Bergsma dy't dit wykein yn Hamar rydt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)