Flyers komme te koart

28 nov 2010 - 13:17
  • De Flyers ferlieze

De A6.NL Flyers ha sneontejûn yn Thialf mei 7-4 ferlern fan de HYS Den Haach. De wedstriid wie in topper. Den Haach is in titelfavoryt en stie boppe-oan. De Flyers hiene ien punt minder en noch in wedstriid te goed.

Sawol de Flyers as Den Haach krigen in soad tiidstraffen, mar de besikers wiene tûker yn de powerplay. De perioadestannen: 2-3, 2-3 en 0-1. De A6.NL Flyers stean tredde en spylje snein tsjin Tilburch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)