Ferwûnen by botsing De Blesse

By in ûngelok sneontejûn op de Steenwijkerweg yn De Blesse binne twa minsken ferwûne rekke. In 21-jierrige autobestjoerster út Noardwâlde woe linksôf, mar seach in tsjinlizzer oer de holle. Dêr botste se frontaal tsjinoan.
Sy en in frou dy't by har yn de auto siet, rekken ferwûne. Se binne nei sikehuzen yn Meppel en op It Hearrenfean brocht. De oare bestjoerder kaam mei de skrik frij.