Wetterskip set ôfstreamen stil

It ôfstreamen is min foar de iiskwaliteit (argyffoto: Henk Bootsma)
Wetterskip Fryslân is sneintemoarn betiid ophâlden mei it ôfstreamen op de Fryske boezem. Ofrûne wike is al ekstra ôfstreamd om de buffer op de boezem te fergrutsjen. It Wetterskip koe no frij maklik ophâlde mei it ôfstreamen, omdat der ôfrûne wike net folle delslach west hat.
It wetter komt no ta rêst en dêrtroch kin de iislaach oangroeie. Moandei en de dagen dêrnei wurdt besjoen oft der ek poldergemalen útset wurde kinne.