De Wissel yn Dokkum 10 jier

Kringloopbedriuw De Wissel yn Dokkum fiert de kommende wiken dat it tsien jier bestiet. Woansdei wurdt it startsein jûn. De boargemasters fan It Amelân, Dantumadiel, Dongeradiel en Ferwerderadiel dogge dat troch mei har fjouweren in keunstwurk te meitsjen yn it gebou fan De Wissel.
It Kringloopbedriuw hat yn syn tsienjierrich bestean in pear drege saken meimakke. Yn 2004 waard it bedriuw troffen troch in grutte brân wêrby't alle hannel ferlern gie.