Seehûnekresj nei de rjochter

De seehûnekresj wol jild sjen
De seehûnekresj yn Pieterburen stapt nei de rjochter om de finansiering fan in grutte ferbouwing ôf te twingen. De stifting Van Klooster soe in ferbouwing fan trije miljoen euro betelje, mar sjucht dêr no fan ôf. De ferbouwing is dêrtroch op de lange baan skood.
It oanbod fan Van Klooster wie doedestiids reden foar de seehûnekresj om net nei Delfsyl te ferhûzjen. Mei it jild fan de stifting koe de opfang ferboud wurde yn Pieterburen sels.