FNP-leden kieze listlûker

De leden fan de FNP ha Annigje Toering unanym keazen ta listlûker foar de steateferkiezings yn maart. Johannes Kramer en Tytsy Willemsma binne oanwiisd as kandidaat-deputearren. Foar de list fan de Onafhankelijke Senaats Fractie yn de Earste Keamer binne Hindrik ten Hoeve en Douwe Bijlsma oanwiisd. De FNP hat grut fertrouwen yn in goed resultaat by de steateferkiezings. Ferline wike noch wie de FNP de winner bij de ferkiezings yn de Súdwesthoeke.