Equal Souls tredde op Liet

28 nov 2010 - 02:02
  • It optreden fan Equal Souls yn Lorient (foto's: Sandro Weltin/Ried fan Europa)
  • Fise-presidinte Lena Louarn jout de priis oan de band Orka

De Fryske bydrage, Equal Souls, is sneon tredde wurden op Liet Ynternasjonaal yn Bretanje. Oan it sjongfestival diene 11 bands mei dy't allegear in nûmer yn har eigen minderheidstaal songen.

De band Orka fan de Faeröer eilannen wûn mei muzyk dy't makke waard op ynstruminten dy't sy sels boud hawwe. Bygelyks in basgitaar makke fan de peal fan in stek en in oargel mei pipen fan âlde frisdrankflessen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)