Taksysjauffeur mishannele
In 40-jierrige taksysjauffeur út Ljouwert is ôfrûne nacht mishannele troch in groep fan fjouwer manlju. De fertochten stapten yn Ljouwert yn en woene nei De Westereen. Dêr oankaam krige de taksysjauffeur sûnder oanlieding in klap yn it gesicht.
It fjouwertal is fuortgien sûnder te beteljen. De taksysjauffeur hat oanjefte dien.