Man rydt parkearde auto's oan
Op It Hearrenfean is ôfrûne nacht in 22-jierrige ynwenner út Kampen tsjin in tal parkearde auto's oanriden. De fertochte is trochriden en dêrnei útstapt en rinnende fierder gien yn de rjochting fan it sintrum.
Tsjûgen hawwe direkt de plysje belle en sa koe de man op de Crackstate oanholden wurde. Dêrby waarden de plysjeminsken ek noch misledige.