Ljouwerter dief oppakt

In 46-jierrige Ljouwerter is freed oanholden op it Hoeksterpaad yn de haadstêd yn ferbân mei stellerij. De fertochte hie guod út in winkel stellen en waard dêrnei troch minsken fan de befeiliging oanholden. De Ljouwerter waard doe agressyf en is oerbrocht nei it plysjeburo.
Op it plysjeburo die bliken dat de man ek yn it besit wie fan nei alle gedachten kokaïne en de drug GHB. Ek de fyts dy't de man by him hie wie stellen.