Feiling muzykynstruminten A7

Yn Grou wiene sneontemoarn goed fyftich muzykynstruminten út te probearjen dy't ûnderdiel foarmje fan in feiling út it fallisemint fan muzykskoalle A7. Der kamen in lytse 150 minsken op ôf.
De ynternetfeiling is al in skoftsje geande en slút no moandei om acht oere jûns. Op dy wize wurdt jild binnenhelle foar de skuldeaskers. Gemiddeld wiene der sneontemiddei in seis biedingen dien it ynstrumint. De minimumopbringst wie doe al helle.