Froast docht boubedriuwen skea

Fryske boubedriuwen kinne troch it winterwaar net oan it wurk. It friest op it heden en net al it materiaal kin dêroer. Bygelyks beton kin ûnder nul graden celsius net makke wurde. Foar minsken út de bou is it lykwols wol needsaaklik om oan de slach te gean, omdat de dieltiid WW der foar de measte wurknimmers hast op sit.
Minsken út de bou koene begjin dit jier ek al net oan it wurk. Earder koene boubedriuwen har fersekerje tsjin de winter, mar no net mear.