Cambuur wint fan RBC

26 nov 2010 - 22:40
  • Kevin Diaz skoarde twa kear

Cambuur hat freedtejûn de thúswedstriid tsjin RBC Roosendaal mei 2-0 wûn. Op in hurd beferzen fjild waard de earste helte ôfsletten op 0-0. Yn de twadde helte gie Cambuur op jacht nei de winst.

Yn de 64e minút bruts Kevin Diaz de skoare iepen, op oanjaan fan Serhat Koc. Diaz makke ek de twadde goal. Dy foel yn de blessueretiid. Cambuur hat no 23 punten út 15 wedstriden. De Ljouwerters steane mei Sparta Rotterdam op in dield sechsde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)