Oanhâlding nei húslik geweld

In 54-jierrige ynwenner fan Steggerda is freedtemoarn oanhâlden foar poging ta deaslach. De fertochte waard ferwûne en ûnder ynfloed fan drank op strjitte oantroffen. Doe't de plysje en ambulânse oankamen fertelde er dat er rûzje mei syn eks-frou hân hie en dat hy har slein hie. Om't de aginten it net fertrouden binne se it hûs yn gien. Dêr waard in frou fûn mei ferskate ferwûnings.
Sawol de man as de frou binne nei it sikehûs brocht. Ek de frou is oanhâlden.