PVV ek by steateferkiezings

26 nov 2010 - 17:34

De PVV docht takom jier definityf mei oan de provinsjale steateferkiezings yn Fryslân. Dat ha wurdfierders fan de partij freed witte litten. De PVV komt oer twa wiken mei de kandidatelist nei bûten ta. Der sille tweintich oant 30 minsken op de list stean. It is noch net bekend wa't de listlûker fan de partij wurdt.

De wurdfierder fan de partij ûntkent dat der kandidaten opstapt binne nei de negative publisiteit oer PVV Twadde Keamerleden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)