Yn de sleat nei ynheljen

(foto Anton Kappers)
Fjouwer minsken binne freed ferwûne rekke by twa ferkearsûngelokken. By Wyns rekken twa auto's by it ynheljen yn de sleat. Yn ien auto sieten in heechswangere frou en twa bern. Alle ynsittenden koene op eigen krêft út de auto's komme.
Der wie ek in ûngelok by Tsjummearum. Nei't in auto yn de slip rekke, botste dy frontaal op de temjitte kommende auto. Ien bestjoerder moast út de wein helle wurde. Glêdens wie nei alle gedachten de oarsaak.