Korporaasjes krije jild werom

26 nov 2010 - 12:40

Tsien Fryske wenningboukorporaasjes ha in flinke tafaller. De korporaasjes moasten yn 2008 en 2009 miljoenen meibetelje oan de Vogelaarwiken. De rjochtbank yn Utrecht hat freed sein dat dy heffing net terjochte wie.

De korporaasjes krije no miljoenen werom. Under de 10 Fryske korporaasjes wiene ûnder oare de bouferiening yn Harns, Lyaemer Wonen yn de Lemmer, De Wieren yn Snits en Wonen Noordwest Friesland yn Sint Anne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)