Utslach SWF bliuwt gelyk

26 nov 2010 - 11:39

De útslach fan de ferkiezings yn Súdwest-Fryslân bliuwt sa't dy wie. Dat is freed dúdlik wurden by it bekend meitsjen fan de offisjele útslach fan de gemeenteriedsferkiezing.

It CDA krijt yn de nije gemeenteried tsien fan de 37 sitten, de PvdA sân en de FNP seis. De VVD krijt fiif sitten. GrienLinks, ChristenUnie en GemeenteBelangen krije twa en foar D66, Totaal Lokaal en Feriene Lofts is der ien sit. De Partij voor de Bijstand hat gjin sit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)