Dieven oppakt yn Drachten

26 nov 2010 - 09:42

De plysje fan Drachten hat tongersdeitejûn in man út Drachten en in frou út Ljouwert oanhâlden foar winkelstellerij. Surveillearjende plysjes seagen de twa sûnder helm op in brommer riden. Se wisten dat de man gjin rydbewiis hie en giene achter it stel oan. Doe't se by de man thús kamen, seagen se guod.

Neffens it stel hiene se dat kocht, mar om't se gjin bon hiene, belle de plysje mei de winkel dêr't it guod weikaam. It wie stellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)