Priis foar streekeigen gewaaks

It Fryske projekt Streekeigen Gewassen hat de Groenfonds Natuurprijs krigen, yn de kategory studinteprojekten. It krige ek de publykspriis.
It projekt krijt omtinken yn ferskate geledingen yn it ûnderwiis. By it VMBO Groen yn Bûtenpost fan AOC Fryslân krije learlingen les yn de tylt fan de gewaaksen. De studinten oan middelbere hotelskoalle fan it Friesland College leare oer it kulinêre aspekt. En studinten fan Van Hall Larenstein dogge ûndersyk nei de rentabiliteit.