Sylpriis foar Bouwmeester

25 nov 2010 - 23:01
  • Marit Bouwmeester (argyffoto: Richard Langdon)

Sylster Marit Bouwmeester út Warten hat de wichtichste sylpriis fan Nederlân wûn: de Conny van Rietschoten Trofee. De priis is tongersdeitejûn útrikt yn de sosiëteit fan de Rotterdamse syl- en roeiferiening De Maas. Bouwmeester wie der net by, sy traint yn Australië.

Har âlden ha de priis yn ûnfangst naam. Dy bestiet út in boerd en in Optimist. Bouwmeester sylt yn de Olympyske Laser Radialklasse en wûn dit seizoen trije wrâldbekerwedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)