Gasthearen tsjin oerlêst

Saneamde buertgasthearen moatte tenei de oerlêst by coffeeshops yn Ljouwert oanpakke. De gemeente hat 150.000 euro subsydzje krigen fan it ministearje en stekt sels 50.000 euro yn it projekt. Dat moat twa jier duorje.
De fjouwer gasthearen moatte wat dwaan oan de oerlêst fan it wyldparkearen de en ferkearsoertredings. Minsken dy't oerlêst feroarsaakje wurde oansprutsen op harren gedrach.