Omrop komt mei Tsjek TV

25 nov 2010 - 19:36

Nei de krystfakânsje komt Omrop Fryslân mei Tsjek TV. Tsjek TV is in nij wykliks sjoernalistyk en edukatyf programma foar de boppebou fan de Fryske basisskoallen, dat presintearre wurde sil troch Raynaud Ritsma, bekend fan de band Vangrail.

Tsjek TV is ien fan de programma's dat njonken de al besteande programma's, lykas It lân fan Efke en WitWat, tenei falle sil ûnder de paraplu tsjek.nl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)